Twadde Slachtebrêge by Hjerbeam

18 sep 2003 - 00:00

By Hjerbeam komt in twadde brêge yn de rûte fan de Slachtemaraton. De 2 meter brede bôgebrêge rint oer de A31 hinne. De brêge fan hast 500.000 euro is al foar 60 prosint finansierd. Der komt gêrs op te lizzen, dêr't kuierders en nei alle gedachten ek fee oerhinne kinne. It brêge is in ûntwerp fan arsjitekt Rein Hofstra, krekt lykas de oare Slachtebrêge by Wommels. De nije brêge moat foar 12 juny takom jier klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)