Syktocht nei roer fan tsjotter

18 sep 2003 - 00:00

Sylskoalle It Beaken út Heech is op syk nei it roer fan in historyske tsjotter út 1920. It roer rekke fan 'e simmer fuort by in ûngelokkige sylmanoeuvre. De tsjotter mei de namme 'Friso' wurdt brûkt troch de sylskoalle om bern yn'e kunde te bringen mei it silen.

It snijwurk fan it roer hat de foarm fan in fûgel en is belein mei blêdgoud. Elkenien dy't ynformaasje hat oer it roer wurdt frege kontakt op te nimmen mei de sylskoalle yn Heech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)