Undersyk nei leven muzykskoalle

© Omrop Fryslân
Undersyk moat útwize oft muzykskoalle De Wâldsang yn Bûtenpost no al of net lûdsoerlêst feroarsaket. De lûdsnivo's yn 'e ferskate romtes fan de muzykskoalle wurde fêststeld en fierders wurdt de lûdsbelesting foar de omlizzende wenten berekkene.
De skoalle nimt sels ek maatregels troch it drumlokaal te isolearjen. Sa moat in grut part fan de oerlêst fuortnommen wurde.