Nij stasjon Dokkumer Lokaaltsje

© Omrop Fryslân
Yn Marrum is in begjin makke mei de restauraasje fan it eardere treinstasjon fan it Dokkumer Lokaaltsje. It gebou lei der al jierren fertutearze by. Der moat in restaurant yn komme en in toeristysk ynformaasjepunt fan de gemeente Ferwerderadiel.
It projekt kostet 450.000 euro. De gemeente hopet dat toeristen dy't ûnderweis binne nei It Amelân even by it restaurearre stasjon sjen sille.