Deaferklearre man werom yn Snits

17 sep 2003 - 00:00

Anton Kruis fan Snits is even werom yn Nederlân. Hy is de man dy't begjin augustus ten ûnrjochte dea ferklearre wie, om't de plysje him foar in man oanseach dy't himsels tekoart dien hie. Syn famylje easket no in skeafergoeding.

Kruis hat dêr gjin goed wurd foar oer. Foaral om't er hielendal gjin kontakt mear mei syn famylje hat. Kruis hat in skoft yn Portugal sitten en wol dêr it leafst sa gau mooglik wer hinne. Hy is hjir om noch wat saken te regeljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)