Boargemaster fan Skier fuort

17 sep 2003 - 00:00

Boargemaster Fennema fan Skiermûntseach makket nei alle gedachten per ien novimber de oerstap nei de Grinslanner gemeente Zuidhorn. Hy stiet dêr as earste kandidaat op de list foar nije boargemaster. Tiisdei waarden de gemeenteriedsleden fan it Waadeilân yn in besletten gearkomste ynformearre oer de plannen fan de earste boarger.

De ried fan Zuidhorn hat unanym ynstimd mei de foardracht fan Fennema. Hy hat jierren yn it plak wenne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)