Dakleazen oan it wurk

17 sep 2003 - 00:00

Ljouwert helpt dakleazen en ferslaafden oan wurk. Besikers fan dei-opfang De Terp en it Leger des Heils wurde stimulearre te wurkjen by bygelyks de reinigingstsjinst en grienfoarsjenning. Se krije yn lytse bydrage foar it wurk.

Yn earste ynstânsje kinne der fjirtich dakleazen en ferslaafden meidwaan oan it projekt. De gemeente hat der goed 500.000 euro oan subsydzje fan it ryk foar krigen. Reyntegraasjeburo Reax sil de dielnimmers by it wurk begeliede.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)