Aksje tsjin útsetting frou

© Omrop Fryslân
Kollumersweach komt yn aksje fanwege de útsetting fan de 32-jierrige asylsykster Esther Uhunamure. It aksjekomitee 'Esther moat bliuwe' hopet dat minister Verdonk de útprosedearre Uhunamure dochs noch in ferbliuwsfergunning jout.
De út Nigeria ôfkomstige frou en de Fryske feehâlder Wytze van der Zwaag wenje by inoar en ha tegearre twa bern. De CDA-fraksje hat Verdonk frege om nochris goed nei de saak te sjen.