Gemeenten wolle sintrale opfang

17 sep 2003 - 00:00

De Feriening fan Fryske gemeenten, de VFG, ferstjoert op 'e nij in brief oer in sintrale opfang foar útprosedearre asylsikers nei minister Verdonk. Earder liet se witte gjin foarstanner te wêzen fan sa'n sintrale opfang.

De feriening wol in sintrale opfang om't gesinnen sa byelkoar bliuwe kinne. Ek pleitet de VFG foar útwreiding fan de pardonregeling. Yn Fryslân sitte in pear hûndert asylsikers om ferskate redenen yn de needopfang.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)