Ferlet fan nij poppoadium

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is dúdlik ferlet fan in nij poppoadium. Dat konkludearret de gemeente nei in ûndersyk oer sa'n poadium. Op basis fan marktûndersyk wurdt steld dat in nij poppoadium finansjeel helber wêze kin. Dat soe 7,5 miljoen euro kostje.
It gebou soe in grutte en in lytse seal ha moatte en in kafee. It gemeentebestjoer nimt de konklúzjes fan it ûndersyk mei by it opstellen fan de nije kultuernota.