Baneplan foar Fryske wurkleazen

17 sep 2003 - 00:00

Wurknimmers dy't driigje har baan kwyt te reitsjen kinne meidwaan oan it Frysk baneplan. It ûntslach moat wol goedkard wêze troch it CWI of de rjochter. Bedriuwen dy't meidogge krije subsydzje fan de provinsje op de leankosten.

Earder wie der ek al in banenplan. Dat waard stopset om't it net foldie oan de Europeeske regels. It nije baneplan moat 1000 minsken oan in baan helpe. By ien bedriuw hat de regeling al in hûnderttal banen opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)