Gjin kameratillefoan yn swimbad?

© Omrop Fryslân
De meiwurkers fan swimbad It Tolhûsbad yn Dokkum tinke nei oer of in ferbod fan mobile tillefoans mei fotokamera of op in ferskerpe tafersjoch. Snein waard in 18-jierrige Dokkumer trappearre op it stikem meitsjen fan foto's fan in frou dy't har omklaaide yn in badhokje.
It Nationaal Platform Zwembaden sjocht noch gjin oanlieding foar in lanlik ferbod, mar in swimbad kin sa'n ferbod wol yn 'e eigen húsregels opnimme. Yn Frankryk bestiet wol sa'n ferbod.