Mingde reaksjes op miljoenenota

© Omrop Fryslân
Lânbou-organisaasje NLTO is net ûntefreden oer de plannen fan kabinet Balkenende. Neffens wurdfierder Benedictus lykje de kabinetsplannen op papier noch net sa min, al moatte je altyd mar wer ôfwachtsje wat der yn 'e praktyk fan op 'e hispel komt.
De sportsektor krijt yn 2004 in tredde minder subsydzje fan it ryk. Benammen foar rekreaasjesport kin dat hiel min útpakke, seit Jan de Kroon fan Sport Fryslân.