Minder stipe foar Noard-Nederlân

© Omrop Fryslân
Kabinet Balkenende snijt yn 'e stipe oan Noard-Nederlân sa't dy earder ôfpraat wie yn it Langmanakkoart. Minister Brinkhorst besuniget op de IPR-regeling, de ynvestearringspreemje foar bedriuwen. Dy subsydzjepot wie fêststeld op 21 miljoen euro yn 't jier en dat wurdt mei yngong fan 2005 13 miljoen.
Bedriuwen sille dêrtroch minder ynvestearje en dêrtroch sille der ek minder banen by komme.