Oefenterrein Flylân ticht

© Omrop Fryslân
Flylân ferliest tritich wurkplakken troch it sluten fan it oefenterrein fan 'e lânmacht. It terrein giet yn april 2004 ticht. De lânmacht hat it terrein net mear nedich. De gemeenteried fan Flylân hat besocht om definsje op oare gedachten te bringen, mar dat hat net holpen.
Boargemaster Van der Mark fan Flylân is tiisdeitemoarn ynljochte. It terrein fan 'e loftmacht op 'e Flyhors bliuwt wol bestean.