Filmfestival duorret dei langer

© Omrop Fryslân
It Noardlik Filmfestival yn Ljouwert duorret dit jier in dei langer. It festival duorret fiif dagen fanwegen it 25e jubileum. Nij dit jier is in poadium dêr't studinten har wurk op it mêd fan digitale byldfoarming sjen litte kinne.
It festival dat fan 5 oant 10 novimber hâlden wurdt, toant fierder lykas alle jierren foarpremjêres en dokumintêres. Ek wurdt der in kompetysje en tal fan workshops organisearre.