Oprêden Oldenburger begûn

15 sep 2003 - 00:00

Afvalsturing Friesland is moandei begûn mei it oprêden fan it terrein fan ôffalferwurker Oldenburger. Op it terrein fan it fallite ôffalbedriuw yn Ljouwert leit foar mear as twatûzen frachtweinen oan ôffal. Yn maaie 2004 moat der op it terrein in nije opslach fan sloopôffal komme.

Ald-eigner Oldenburger moat meikoarten noch foar de rjochter ferskine. Hy soe nei it fallisemint fan syn bedriuw allegear guod fan it terrein helle ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)