Frysk 45e taal op ynternet

15 sep 2003 - 00:00

Neffens Katalaansk ûndersyk is it Frysk de 45ste taal op ynternet. It bedriuw Softcatalà telde yn augustus 63,236 Frysktalige sites op ynternet. It Frysk is hjirmei mear op ynternet oanwêzich as folle gruttere talen as Servysk en Swahili. It Frysk rint lykwols achter yn fergeliking mei it Wels (43e), it Baskysk (40e) en it Katalaansk (23e).

It Nederlânsk stiet op it tsiende plak. Ingelsk, Dúts en Frânsk binne de grutste trije talen op it ynternet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)