'Iensume' beammen beskerme

© Omrop Fryslân
Beammen dy't allinne yn in gebiet steane, ha beskerming nedich. De beide gemeenten yn de Stellingwerven wolle mei lânskipsbehear besykje om sokke beammen te rêden. Dy wurde faak kapt om't se boeren yn it paad steane. Der is jild foar it rêden fan 200 beammen.
Op tiisdei 23 en 30 septimber hâldt lânskipsbehear Fryslân iepen hûs yn Easterwâlde en Aldeberkeap. Minsken dy't sa'n solitêre beam op har hiem of lân ha wurde frege dat troch te jaan.