Provinsje: fertrouwen yn Thialf

© Omrop Fryslân
De provinsje wol hast in miljoen euro beskikber stelle foar it behâld fan Thialf. Deputearre Bijman hat fertrouwen yn de nije opset fan it iisstadion. Snein waard bekend dat Essent, Aegon en gemeente Hearrenfean elk 1,5 miljoen euro ynvestearje.
Dizze trije partijen wurde ek de oandielhâlder fan Thialf. Direkteur Nieweg hie de provinsje ek frege om oandielhâlder te wurden, mar dêr kin neffens Bijman gjin sprake fan wêze.