Nije apteek Europeesk oanbestege

© Omrop Fryslân
De nije apoteek yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren wurdt Europeesk oanbestege. Dat soe betsjutte kinne dat in Grykse of Portugese apoteker dêr in plak krijt.
Dat hat te krijen mei Europeeske regels dy't dizze wurkwize foarskriuwe as in apoteek in omset hat fan 250.000 euro of mear. De oanbesteging fan de apoteek yn Ljouwert wurdt dien troch syktekostefersekerer De Friesland.