Flyers ûnderút tsjin Amsterdam

14 sep 2003 - 00:00

De Formido Flyers ferlearen snein de oefenwedstriid tsjin de Amsterdam Bulldogs mei 0-5. By de Flyers diene twa nije spilers mei; Lamonte Polet, dy't oerkaam fan Geleen, en de Kanadees Fred Perowne. De nije oanwinst Don Nichols fan Tilburch koe net meidwaan fanwege in blessuere, lykas ynternasjonal Erik Landman.

De Flyers krije meikoarten fersterking fan 'e Oekraïner Oleg Timchenko. De kompetysje begjint yn oktober.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)