De Jouwer flink ûnderút

© Omrop Fryslân
De Jouwer spile snein syn tredde wedstriid yn de haadklasse. Fan Rohda Raalte waard mei mar leafst 0-4 ferlern. De Jouwer spile in minne wedstriid en koe gjin fûst meitsje.
Keeper Gerben Huitema waard yn de twadde helte mei in reade kaart fan it fjild stjoerd fanwege in 'knietje' tsjin Rohdaspiler Hendriks. Mar doe stie it al 0-3. De Jouwer hat de wedstriid sadwaande mei 10 man útspile mei Jan Arjen Kooi op 'e goal.