Thialf rêden fan fallissemint

© Omrop Fryslân
It driigjende fallissemint fan Thialf is fan 'e de baan. Direkteur Nieweg is der yn slagge alle partijen by-elkoar te bringen. Thialf, dat in skuld hat fan 14 miljoen euro, wurdt ûnderbrocht by twa oandielhâlders: Aegon en Essent. Dy ynvestearje elk 1,5 miljoen, lykas de gemeente Hearrenfean. Dêrmei wurdt de eksploitaasje slutend.
De Fryske ûndernimmer Zeilstra hat it plan mooglik makke. Hy bemachtige okkerdeis de Thialf-oandielen.