Hearrenfean is Grins de baas

14 sep 2003 - 00:00

SC Hearrenfean hat sneon yn it Abe Lenstra-stadion FC Groningen mei 1-0 ferslein. By de noardlike derby spylje by de beide supportersgroepen altyd in soad emoasjes, mar de spilers bakten der net folle fan.

Fan beide kanten waard mei ynset spile mar folle struktuer siet der net yn it spul. Der wiene benammen yn de twadde helte oan biede kanten wol kânsen, mar dêr waard net út skoard. Flak foar rêst makke Petter Hansson de 1-0.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)