ASV Dronten-Harkemase Boys: 0-3

13 sep 2003 - 00:00

Trije treffers fan Harkemase Boys soargen foar in 0-3 oerwinning op ASV Dronten sneon. De Harekiten spilen de earste tsien minuten ferdigenjend, mar waarden dêrnei skerper en rekken better yn de wedstryd. Tony Alberda skoarde de 1-0.

Dronten joech Harkemase Boys in soad romte. De Friezen slaggen der dêrom yn de bal noch twa kear yn de goal te krijen. Nije wike spylje de Boys tsjin CSV Apeldoorn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)