COC lilk oer ein subsydzje

13 sep 2003 - 00:00

COC Fryslân is lilk oer it útstel fan Ljouwert om de subsydzje fan 2005 ôf stop te setten. As de jierlikse stipe fan 18.000 euro skrast wurdt, betsjut dat mooglik de ein fan de organisaasje foar homobelangen.

Yn in brief oan it kolleezje ropt it bestjoer op net mei de stipe op te hâlden. Foarljochting en aktiviteiten foar homoseksuelen bliuwe belangryk. De gemeente makke earder bekend goed fiif miljoen euro besunigje te moatten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)