Oerlêst net troch nije regeling

13 sep 2003 - 00:00

De oerlêst by Skylge fan droechfallende skippen hat net direkt in ferbân mei de nije droechfalregeling. Skippen meie no ek droechfalle op plakken dêr't it earder net mocht. By de Boschplaat soargen minsken fan 't simmer foar lûdsoerlêst en fersteurden de natoer.

Neffens de feriening Wadvaarders barde dat foargeande jierren ek. De feriening tinkt sels dat de oerlêst feroarsake is troch skippen dy't droechfallen binne op in plak dêr't dat altyd al mocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)