CDA net besunigje op godstsjinst

13 sep 2003 - 00:00

It CDA yn Ljouwert is tsjin de plannen fan de gemeente om te besunigjen op it godstsjinstûnderwiis. De maatregel is ûnderdiel fan in pakket besunigingen fan seis miljoen euro.

It CDA stimt by de behanneling fan it foarstel tsjin it plan. De kristen demokraten fine dat de godtsjinstlessen belangryk binne om bern noarmen en wearden by te bringen. Wethâlder Krol fan it CDA is ek tsjin de besunigingen op it godstsjinstûnderwiis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)