Flinke winst foar Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freed mei 3-1 wûn fan Emmen. Nei in senuwachtige earste healoere fan de wedstriid namen de Ljouwerters it heft yn eigen hannen.
Al yn de alfde minút kaam Cambuur op achterstân troch in doelpunt fan Blaauw. Jan Bruin dy't nei in operaasje dochs yn de basis stie, skoarde yn de 67e minút. Bölstler makke noch in treffer yn de 70e minút en Van Zundert makke it feest kompleet mei in goal yn de 74e minút.