'Help oan jongerein te algemien'

12 sep 2003 - 00:00

De helpferliening oan kriminele jeugd is te algemien om de jongerein echt fertuten te dwaan. Dat is de konklúzje fan in sympoasium freedtemiddei yn de rjochtbank yn Ljouwert. Plysjeminsken, justysjeminsken en helpferlieners kamen dêr by inoar om te praten oer it 'eigen kracht' projekt.

Yn dat projekt wurdt troch famylje en freonen fan in lêstige jongere in plan makke oer hoe't it fierder moat. Fan dit projekt wurdt dus in soad ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)