De Flecke yn aksje tsjin stellen

12 sep 2003 - 00:00

Ferpleechhûs De Flecke op De Jouwer nimt maatregels tsjin stellerij. De ôfrûne tiid binne ferskate bewenners bestellen en dêr wol de direksje in ein oan meitsje. Sa komt der ûnder oare kamerabewekking en besikers moatte har namme sizze by de resepsje.

Ek oerwaget de direksje in yntern ûndersyk ûnder it personiel. De bewenners binne wol foar ynfieren fan de maatregels. De lêste moannen is der al fjouwer kear wat stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)