Poarten Brada definityf ticht

© Omrop Fryslân
De poarten fan slachterij Brada yn Ljouwert binne freed definityf sletten. De âld-meiwurkers kamen freedtemoarn noch efkes by inoar om foar it lêst yn de slachterij te sjen en harren kaaien yn te leverjen.
In slachtershistoarje fan sawat 170 jier giet dêrmei ferlern. Op it bedriuw, dêr't op topdagen sa'n 800 kij slachte waarden, is it no stil en ferlitten. Fan de 170 fêste meiwurkers ha noch mar 25 in nije baan fûn.