Sân leugenbankjes foar Tsjom

12 sep 2003 - 00:00

Doarpsbelang Tsjom hat 15.000 euro wûn yn in priisfraach fan wenningbou- feriening Noard-West Fryslân. Neffens de sjuery stimulearret it plan foar sân nije leugenbanken yn it doarp de sosjale omgong.

De doarpsbewenners wolle de leugenbanken sa ynrjochtsje dat je der ek barbecueë kinne. Winterdeis dogge dy barbecues dan tsjinst as fjoerkorven. De measte Tsjommers binne entûsjast oer de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)