Ljouwerter Bosk min tagonklik

12 sep 2003 - 00:00

De provinsje moat de gemeente Ljouwert oansprekke op de minne tagonklikens fan de Ljouwerter Bosk. Dat fynt de SP- fraksje yn provinsjale steaten.

De Ljouwerter Bosk is sawat 10 jier lyn oanlein. Benammen foar handikapten is de bosk hiel min tagonklik. De SP fynt dat soks feroarje moat en hat dêroer skriftlike fragen steld. By need soe de provinsje subsydzje weromfreegje moatte dy't earder oan de gemeente jûn is foar de oanlis fan de bosk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)