Merk Hearrenfean moat geselliger

12 sep 2003 - 00:00

Der wurde feestlike aktiviteiten by it ABC-winkelsintrum organisearje om mear publyk nei de wykmerk fan Hearrenfean te lûken. Dat bart nei oanlieding fan de útkomsten fan in enkête oer de populariteit fan de merk op it Gemeenteplein.

It ûndersyk waard útfierd om't de merkkeaplju kleiden oer omsetdaling. Neffens de keaplju leit dat oan de werynrjochting. Neffens it winkelpublyk is de merk net gesellich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)