'Detailhannel moat nei Ljouwert'

© Omrop Fryslân
Undernimmers dy't in grutte detail- hannelsaak yn Fryslân iepenje wolle, moatte nei Ljouwert. Dat skriuwt de Keamer fan Keaphannel yn syn detail- hannelsfyzje dy't tongersdei presintearre waard oan provinsje en gemeenten.
Ljouwert moat him sterk ûntwikkelje as provinsjaal sintrum en is dêrom geskikt foar grutte winkels boppe de 1000 fjouwerkante meter. Dêrûnder falt de hannel yn auto's, karavans en meubels.