Ferkearsmaatregels op Skier

11 sep 2003 - 00:00

Skiermûntseach nimt maatregels om de oerlêst fan auto's tsjin te gean. It liket frjemd, mar toeristen en bewenners op it autofrije eilân kleie oer it ferkear yn it doarp. Der wurdt te hurd riden en der wurdt oeral samar parkeard.

Yn it doarp komt no in parkearferbod. Der mei allinnich parkeard wurde op nij oan te lizzen parkearplakken. Ek wurdt better kontrolearre oft it nedich is om auto's mei te nimmen nei it eilân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)