Alzerda Kollumersweach ticht

11 sep 2003 - 00:00

Konstruksjebedriuw Alzerda út Kollumersweach is sûnt begjin dizze wike ticht. De 15 wurknimmers binne nei hûs ta stjoerd. Nei alle gedachten wurdt it fallissemint oare wike útsprutsen.

Begjin dit jier ha der al fiif minsken dien krigen, om't der doe al net genôch wurk wie. De direksje wie tongersdei net berikber foar kommentaar. De fakbûnen binne noch net op de hichte brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)