Coaster giet nei It Hearrenfean

11 sep 2003 - 00:00

Trainingssintrum Ricas op It Hearrenfean hat in coaster opkocht en omboud foar it útfieren fan needsituaasje-oefeningen. Bedoeling is dat op sa realistysk mooglike wize oefene wurde kin. Dat bart dan folslein mei reek, fjoer en 'slachtoffers'.

It 60 meterlange skip wurdt op it stuit ferfierd fan Harns nei It Hearrenfean. De coaster komt nei alle gedachten sneon op It Fean oan. Der sil noch in wetterbassin om it skip oanlein wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)