Ferwûne by ûngelok 11-stêdebrêge

11 sep 2003 - 00:00

By in ûngelok op it Alvestêdebrechje tusken Lekkum en Gytsjerk is tongersdeitemiddei in autobestjoerder ferwûne rekke. It slachtoffer botste op de brêge tsjin in antike bus. Yn de bus sieten gjin minsken.

De bussjauffeur kaam mei de skrik frij. It ûngelok is nei alle gedachten feroarsake troch in foarrangsflater, want der kin mar ien auto tagelyk oer de smelle brêge. De tegeltsjebrêge rekke licht skansearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)