Iepenbiere keunstwurken op foto

© Omrop Fryslân
Yntzen van der Wal fan de stifting Keunstwurk set alle iepenbiere keunstwurken yn de provinsje op de foto. Keunstwurk wol de foto's op ynternet sette en bustochten lâns de wurken organisearje.
Van der Wal is al in heal jier dwaande en is hast klear. Nei 3000 kilometer fytsen hat er al goed 600 keunstwurken ûntdutsen en op foto fêstlein. Yn april moatte de earste foto's op ynternet stean.