Oersjoch 'echte' Fryske pleatsen

© Omrop Fryslân
De provinsje sil dizze hjerst sa'n 150 orizjinele Fryske pleatsen yn kaart bringe. Mei dizze ynventarisaasje moat dúdlik wurde hoe't in orizjineel Frysk boerehiem derút sjocht. Der sil dan bygelyks sjoen wurde nei it gebou en ek nei de sleat njonken de pleats.
Fan alle gegevens dy't binnenkomme wurdt in sketsboek makke, dy't bewenners en gemeenten ynsjoch jaan kinne oer de identiteit fan it terpegebiet.