'Wâldwei yn 2008 alhiel klear'

11 sep 2003 - 00:00

De ferdûbeling fan it lêste stik Wâldwei is earder klear as de planning fan Rykswettersteat. Oer 5 jier, mids 2008, moat de wei alhiel ôf wêze. Dat waard tongersdei dúdlik by de presintaasje fan 'e bedriuwen dy't de oanlis fan 'e wei útfiere sille.

Under de namme 'Wâldwei.com' hawwe harren in tal oannimmers ferienige, ûnder wa Ballast Nedam en Yngenieursbedriuw Oranjewâld. Ein dit jier wurdt it kontrakt tekene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)