Muorre tsjin tsjerkegongers

© Omrop Fryslân
De Baptistetsjerke en de famylje Postma yn Haulerwyk hawwe harren skeel bylein. Der komt in muorre fan 2,5 meter heech op de hiemôfskieding te stean. De Postma's wenje njonken de tsjerke en kleie oer oerlêst. Sa soene de tsjerkegongers te lûd sjonge en by de famylje yn 'e hûs op gnuve.
De Postma's spanden earder al in koart pleit oan tsjin de tsjerke. De rjochter bepaalde doe dat der in sket komme moast. Dat wurdt no dus in muorre.