Tipjild gouden tip net opeaske

© Omrop Fryslân
De gouden tipjouster yn 'e ûntfieringsaak fan Lusanne van der Gun hat it tipjild fan 25.000 euro noch net opeaske. De stifting Kooilust Vermist hat dit bedrach beskikber steld foar de persoan dy't de tip joech dy't laat hat ta de oanhâlding fan 'e 63-jierrige Ryptsjerker. De man hat al bekend.
In frou út Grinslân hat it kenteken fan de auto fan 'e fertochte noteard en trochjûn oan de plysje. Dat die se al op de tredde dei fan 'e ûntfiering.