Ald-presidint yn Drachten

10 sep 2003 - 00:00

Ald-president Wahid fan Yndonesië wie woansdei even op besite yn Drachten. Hy hearde by in ynternasjonaal selskip dat oan tafel siet yn it nije Yndonesysk restaurant Cabé.

Tal fan Fryske, Nederlânske en Yndonesyske pommeranten wiene yn Drachten om de iepening fan restaurant Cabé by te wenjen. Under har Wahid, freon fan eigner Wieland. Wahid wol yn 2004 wer meidwaan oan de presidintsferkiezings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)