'Kompensaasje foar Skier'

© Omrop Fryslân
Grinslân moat kompensaasje krije foar de oerdracht fan in lyts stikje Skiermûntseach dat no yn dy provinsje leit. Dat fynt alteast de VVD-steatefraksje yn Grinslân. It eilân krûpt stadichoan nei it Easten ta, wêrtroch in lyts puntsje no yn de Grinzer gemeente Eemsmond leit.
De Grinzer CDA-deputearre Bleker is foarstanner fan in flugge korreksje fan de grins mei Fryslân, mar de VVD fynt dat Bleker dêrmei foar syn beurt praat.