Nije moalsoart: glutenfrij teff

© Omrop Fryslân
Fryske boeren sjogge wol wat yn it nije gewas teff. It moal is tige gaadlik foar minsken mei in glutenallergy. Moalfabryk Koopmans is dwaande mei in prosedee om it moal fan 'e nôt út Etiopië bakklear te meitsjen.
Teff liket op gers, mar groeit wol mei in kerrel dy't meald wurde kin. De nôtsoarte is al 5500 jier âld en der binne 380 rassen. Utsocht wurdt noch hokker ras it bêste past by it Nederlânske klimaat.