Fertochte: spyt fan ûntfiering

09 sep 2003 - 00:00

De man dy't fertocht wurdt fan de ûntfiering fan Lusanne, hat spyt fan syn aksje. Dat hat de riedsman fan de Ryptsjerker tiisdei sein. De fertochte wie skrokken fan de grutte belangstelling fan de media. Al gau krige er it besef dat it ferkeard wie wat er die. Dêrom besleat nei trije dagen it famke frij te litten.

De man hat bekend de ûntfierder te wêzen. Hy hie losjild frege, hoefolle is net bekend makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)